Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Fryske Cash - de DVD


Fryske Cash - de DVD (2011)

Je hiene der al fan heard, mar no kinne je it sjen op de Fryske Cash dvd. Nei seis spektakulêre optredens, 7500 besikers en tûzenen ferkochte cd's wurdt op dizze dvd alles en mear fan de Fryske Cash presintearre. Alle ferskes, opnamen efter de skermen, it produksjeproses fan it finyl, neakene froulju, seks, drugs en rock en roll. No ja miskien net allegearre. Sjoch hjirop nochris nei hoe't dik 60 muzikanten mei inoar de Fryske Cash delsetten op eigen manneboet. De dvd komt ein novimber út mar kin no al yn it foar besteld wurde. Wy stjoere 'm dan fuortdaalks op en de rekken krije jo pas by ôflevering.

Der binne noch gjin bydragen foar dizze skiif yn ús databank opslein.